Frijwillige oprommers yn Snits yn it sintsje set

17 des 2018 - 19:39

Snits hat it skjinste winkelgebiet fan Nederlân. Neffens de gemeente Súdwest-Fryslân koe dat allinnich om't der in soad frijwilligers meihelpe de stêd skjin te hâlden. Moandei waarden de 24 frijwilligers yn it sintsje set.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Klaas Kroese is ien fan dy 24 dy't frijwillich swalkôffal oprommet. "Jonge minsken dy't no nei de skoallen gean, sille we net mear sa fier krije dat se har eigen rommel oprêde", seit er. "Se steane der gewoan net by stil. Miskien ha we it as âlders ek wol wat sitte litten. Mar ik ha goeie hoop foar de nije generaasjes."

Wat soe oaren motivearje om ôffal foar te kommen? Kroese: "Staasjejild op blikjes en fleskes kin helpe, mar dan moat it wol om in behoarlik bedrach gean."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

'Grijper van de maand'

De frijwilligers soargje alle dagen wer dat rommel dy't oaren fuortsmite, oprêden wurdt. De gemeente Súdwest-Fryslân stelt sûnt twa jier alle moannen sa'n frijwilliger foar oan it publyk yn de hûs-oan-hûsblêden. Sy krije dan de titel 'Grijper van de maand'.

Dat docht skynber fertuten, want Snits waard earder dit jier útroppen ta skjinste winkelgebiet fan Nederlân ûnder de middelgrutte gemeenten. De 24 oprommers krigen moandei út hannen fan wethâlder Erik Faber as tank in oarkonde en in bosk blommen.

René Koster wie by de oprommers

(Advertinsje)
(Advertinsje)