Thialf-iismaster Beert Boomsma nei wykein fol rekôrs: "It iis is no hoe't we it ha woene"

17 des 2018 - 18:37

Kin it nóch hurder op Thialf? Dat is de fraach nei ôfrûne wykein. By de wrâldbekerwedstriden yn it iisstadion sneuvele it ien nei it oare rekôr. In moaie opstekker foar iismaster Beert Boomsma. It seizoen sette foar him min útein, mei nochal wat krityk op it iis. "Schaatsers balen van ijs Thialf", waard der sein. Mar de krityk liket no folslein ferdwûn. En Boomsma is fansels bliid.

Foto: Omrop Fryslân

Hoe bliid binne jo?

"It giet hartstikke bêst sa, we ha wol mindere tiden hân."

Is dat net wat in understatement? It wie dochs fantastysk iis!

"Ja, mar mei it kwalifikaasjetoernoai fan de wrâldbeker hienen we it eins al op de rit. We ha dêrfoar oanpassingen dien oan de wetterynstallaasje. Tusken it kwalifikaasjetoernoai en ôfrûne wykein ha we dy oanpassingen definityf makke. En dit is it resultaat."

De krityk wie earder dit jier net om 'e nocht. Wat die dat mei jim?

"Eins begûn it al mei de Olympyske Spelen yn Pyeongchang. Dat hat ús fan it tredde plakje ôf skood op de list fan rapste banen. Dus dan bist al in bytsje grimmitich yn de bealch. Wylst we wisten dat it iis yn Thialf net sa wie as we woene. We ha acht moannen lang ûndersyk nei it iis dien, ynklusyf de oanpassingen en de ynvestearringen. It is no hoe't we it ha woene."

Jim wisten dus wêr't it earder oan lei, mei de problemen, mar de bûtenwrâld hie de mûle mar iepen. Hoe dreech is dat?

"It is hielendal net slim dat der krityk is op it iis. Ik ha it leafst dat se by my komme, want dan kinst klankbuordzje. Moatst ek wer net tsien riders tagelyk ha, want dy ha allegear in ferskillende miening. Mar we wisten sels ek dat it net optimaal wie. Dat hat in hiele syktocht west. We ha sein: jou ús even tiid. As it klear is, dan is it wer op-en-top. Dat ha we sein en sa ha we it dien."

Jo hiene it oer oanpassingen yn it wettersysteem. Wat ha jim krekt feroare?

"Der siet in komponint yn, dat die wat yn it wetter. Mar dat woene we der just net yn ha. Dat komponint ha we derút helle en ferfongen troch in nij eksimplaar."

Kin it noch rapper?

"Dat tinke we sels wol, want dit is eins de basis. Ik, en it hiele team fan iismasters, tinke dat it noch wol hurder kin, ja."

Op it NK oer twa wiken al?

"It NK komt miskien noch wat te betiid. We ha in stabile flier. Foardat we de folgjende stap dogge, dêr giet wat tiid oerhinne. Dat moatte we earst opnij ûndersykje."

Mar it giet dus better. Dat hat in soad gebak koste dit wykein?

"Ik bin in pear kilo groeid, ja!"

Beert Boomsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)