Sportoersjoch: Rappe tiden en Fryske medaljes op Thialf

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes yn it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.
Sportoersjoch fan moandei 17 desimber 2018
SC Hearrenfean ferlear snein fan FC Utrecht en dat kaam benammen troch in strieminne earste helte. By it skoft stie it al 0-3. Yn de twadde helte die Hearrenfean noch wol wat werom, mar net genôch. Ferlern dus, en just doe't we tochten dat Hearrenfean it paad omheech fûn hie. We sjogge ek fêst foarút nei de algemiene ledegearkomste foar oandielhâlders fan moandeitejûn.
Ek op It Hearrenfean: in hiel soad rappe tiden op de wrâldbeker yn Thialf. Antoinette de Jong wûn de 3.000 meter en Sven Kramer makke op de 5.000 syn rentree mei in tredde plak.
De kuorballers fan LDODK spilen thús in topper tsjin TOP út Sassenheim. Foar de twadde wike op rige spilen de Gordyksters gelyk. Dochs wie it gefoel goed, want yn de slotfaze makke LDODK in efterstân goed en yn de alderlêste sekonden miste Pikaar fan TOP in strafworp.
De earste Fries ea op it WK darts, Danny Noppert, is útskeakele. Hy begûn freedtejûn noch oertsjûgjend yn de earste ronde, mar in ronde letter ferlear de Jouster fan Max Hopp út Dútslân. En dat hie net hoegd, neffens Noppert sels. It is ek bysûnder spitich, want by winst hie Noppert yn de tredde ronde tsjin Michael van Gerwen spile.

Wedstriid fan de wike: PKC - LDODK

En we sjogge foarút nei de folgjende Wedstriid fan de wike. Dat is PKC - LDODK, op 'e nij in topper yn de Kuorbal League. PKC út Papendrecht stiet dield earste, LDODK fjirde. Sneon spylje de twa yn Papendrecht tsjininoar en Omrop Fryslân is derby.