Wethâlder Rommert Dijk fan Tytsjerksteradiel hâldt op

FNP-wethâlder Rommert Dijk fan Tytsjerksteradiel hâldt op 1 febrewaris op. Dat hat er sels besletten. "Yn juny bin ik dizze nije útdaging oangien, mar spitigernôch moat ik konkludearje dat dizze jas my net goed past", seit Dijk. Hy makket syn beslút no al bekend om syn partij de romte te jaan om in opfolger te finen.
It gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Rommert Dijk waard nei de gemeenteriedsferkiezingen fan dit jier wethâlder foar de FNP. Hy hat ûnder oare finânsjes, ferkear en ferfier en plattelânsfernijing yn portefúlje. Dêrfoar wie er riedslid yn Tytsjerksteradiel.
De rest fan it kolleezje fynt it spitich dat Dijk ophâldt. "Rommert is altyd oprjocht belutsen by de gemeente. Wy fine it spitich dat hy ús team ferlitte sil, mar wy respektearje syn beslút", seit boargemaster Jeroen Gebben.