'Wedstriid fan de wike' wurdt kuorbaltopper foar LDODK

De skynwerpers fan Omrop Fryslân steane dit wykein rjochte op de kuorballers fan LDODK, dy't in lestige útwedstriid spylje tsjin PKC. It is ferkeazen ta 'Wedstriid fan de wike'.
De Gordyksters geane sneontemiddei op besite yn Papendrecht. "Dêr hat LDODK noch nea wûn", sa seit sportferslachjouwer Andor Faber. "Mar wa wit wat der sneon mooglik is. Ofrûne sneon wie LDODK ek ticht by in oerwinning tsjin in oare topklup, dus wêrom soe it dan oankommende sneon net kinne?"
PKC stiet op it stuit twadde, LDODK fjirde. De ploech fan trainer Henk Jan Mulder hat twa puntsjes minder.
Erwin Zwart © Jurjen Smid / LDODK.nl
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.