Hoe docht Fryske Vincent it yn 'Heel Holland Bakt'?

17 des 2018 - 17:03

It nije seizoen fan it telefyzjeprogramma Heel Holland Bakt is wer begûn, mei dêryn de 25-jierige Vincent Prins. Hy komt oarspronklik út Surhústerfean. Hoe giet it bakken him ôf? Eardere dielnimmer oan it bakprogramma Hidde Jonker fan Mantgum besprekt syn keunsten.

Vincent Prins - Foto: NPO / Omroep Max

"Ik kin mei se meilibje, de earste kear yn de tinte is ûnwennich. It is gewoan oars as thús", sa seit Jonker. Hy die twa jier lyn sels oan it programma mei en waard doe yn de twadde ronde útskeakele.

Spanning

"Alle kandidaten stienen goed ûnder spanning, by hast allegearre mislearren de earste produkten dy't se makken", seach Jonker. "Se diene it faak oars as dat je it thús dwaan soene."

Kânsen

Jonker fynt it lestich om de kânsen fan Vincent no al yn te skatten. "Elke ôflevering hat syn eigen dingen. It is mar de fraach wêr't hy goed yn is en oft it allegearre slagje wol. Yn de tinte kin it op watfoar manier dan ek misgean."

(advertinsje)
(advertinsje)