Miljoenetekoart by MCL ûntstien troch flater yn de begrutting

17 des 2018 - 16:38

It sikehûs MCL yn Ljouwert ûndersiket oft it mooglik is om in ferpleechôfdieling te sluten. Sa wol it sikehûs de begrutting wer op oarder krije. It MCL komt miljoenen tekoart.

Miljoenetekoart by MCL ûntstien troch flater yn de begrutting

It is net de bedoeling dat pasjinten dêr wat fan fernimme, mar dat is perfoarst net út te sluten, seit bestjoerder Patrick Vink fan it sikehûs. Neffens him is it tekoart ûntstien troch in flater yn de begrutting.

"We hebben in de verhouding tussen opbrengsten en kosten die we maken als ziekenhuis in de begroting van 2018 dingen niet helemaal goed op orde gehad en we hebben te laat bijgestuurd", leit Patrick Vink út.

It sikehûs moat oanjaan hoefolle operaasjes oft se dogge en se ha minder útfierd. "In de begroting hebben we groei meegenomen, maar niet gerealiseerd. En op onderdelen verlenen we duurdere en uitgebreidere zorg dan andere ziekenhuizen."

Wat moat der barre?

"We gaan bekijken waar we kunnen ingrijpen. Investeringen die moeten, apparatuur die moet worden vervangen, gaan we doen. Apparatuur moet deugdelijk zijn. Maar we moeten onze ambities bijstellen. Zo willen we graag een hybride operatiekamer realiseren, maar dat stellen we nu uit."

Wat fernimt de pasjint?

"We bekijken of we nu al de leegstaande bedden kunnen combineren met een kortere ligduur, zodat we mogelijk een verpleegafdeling kunnen sluiten."

Patrick Vink fan de Ried fan Bestjoer fan it MCL

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De ûndernimmingsried fan it sikehûs stipet de direksje en ferwachtet dat troch effisjinter te wurkjen in grut part fan it tekoart opfongen wurde kin.

It is noch net dúdlik wat dat betsjut foar de personielsleden, mar de UR ferwachtet gjin twongen ûntslaggen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)