60 grûneigeners wolle meihelpe oan lânskipsherstel by Sintrale As

17 des 2018 - 16:34

60 grûneigeners hawwe har oant no ta oanmeld foar lânskipsherstel yn it gebiet fan de Sintrale As, de dyk tusken Dokkum en Nyegea. De provinsje Fryslân wurket by de ûntwikkeling fan it lânskip yn dy omkriten gear mei de feriening Noardlike Fryske Wâlden en yngenieursbedriuw Antea Group.

Foto: Provinsje Fryslân

De provinsje sjocht mei lânskipseigeners en -brûkers nei hoe't se lânskipseleminten meitsje kinne. Dan giet it om bygelyks elzesingels, houtwâlen en oerbleaune puollen en pingo's út de iistiid. Dêrfoar ha no 60 eigeners har dus oanmeld. Dat ha se dien nei oanlieding fan ynformaasjegearkomsten dy't ein novimber yn de regio wiene.

De Sintrale As - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Fertraging by gebietsûntwikkeling

Earder joech de PvdA yn de Provinsjale Steaten oan dat se har soargen meitsje oer de fertraging by de gebietsûntwikkeling yn de Sintrale As. Neffens har is der grutte fertraging, te min jild en binne der kapasiteitsproblemen by amtners. Deputearre Johannes Kramer erkent de problemen, mar hy tinkt wol dat de gebietsûntwikkeling yn 2019 sa goed as klear is.

By de gebietsûntwikkeling om de Sintrale As hinne binne oant no ta ûnder mear fyts-, kuier- en ruterpaden oanlein. Ek is natuer oanlein, lykas de foar de regio kenmerkjende ikesingels.

(advertinsje)
(advertinsje)