Mear ynskriuwers foar Fytsalvestêdetocht: der moat lotte wurde
Goed 28.000 minsken wolle pinkstermoandei meidwaan oan de Fytsalvestêdetocht. Dat binne mear ynskriuwings as ferline jier. Der moat lotte wurde, want der kinne maksimaal 15.000 fytsers meidwaan.
Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht
Foarsitter fan de Fytsalvestêdetocht Stephan Rekker is bliid mei it tal oanmeldingen. "It is in moai oantal, mar spitigernôch moatte we dus lotsje. Dy mails stjoere wy 19 desimber." Yn jannewaris is der in twadde ronde om de oerbleaune kaarten te ferdielen.
Feroarings
De tariedingen fan de Fytsalvestêdetocht binne yntusken yn folle gong. Der sitte yn alle gefallen in pear wizigingen yn de rûte. Sa giet it takom jier út Sint-Anne wei streekrjocht rjochting seedyk nei Nij Altena.
Yn Dokkum wurde de fytsers wer nei de Helling laat, yn stee fan de Markt. Dat wie ferline jier ek sa, doe fanwege de werynrjochting fan de Markt. Dat hat sa goed foldien dat de Helling wer yn de rûte sit.
Der leit ek in alternative rûte klear foar nei Ljouwert, foar it gefal dat de brêge by Dronryp net op 'e tiid klear is