BAM keazen om grut ûnderhâld oan rykswegen te dwaan
BAM Infra docht yn 2019 en 2020 it grut ûnderhâld oan de rykswegen yn Fryslân. Dat hat opdrachtjouwer Rykswettersteat bekend makke.
De A31/N31 (trajekt Ofslútdyk-Ljouwert), de A32 (Ljouwert-It Hearrenfean) en de A7 (Drachten-Zuidbroek) wurde asfaltearre. Dêrneist docht BAM op in tal plakken ûnderhâld oan foechoergongen fan brêgen en fiadukten. Foechoergongen binne de skeakels tusken diken, fiadukten en brêgen.
Grut ûnderhâld
Ienris yn de 15 oant 17 jier moat grut ûnderhâld oan de rykswegen útfierd wurde, fanwegen slitaazje fan it asfalt. BAM en Rykswettersteat beslute yn de kommende moannen wannear't it ûnderhâld krekt plakfine moat.