Horloazjesamler frijsprutsen yn saak fan ferfalske horloazjes

17 des 2018 - 15:43

In man út De Lemmer is frijsprutsen fan it yn besit hawwen fan ferfalske horloazjes. De man hat yn de rin fan de jierren in grut tal horloazjes sammele, mar dêr sieten 49 by dy't net orizjineel wiene. It wie him te djoer om foaral fan eksklusive merken in echtenien oan te skaffen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hy krige of kocht dan neimakke horloazjes. De man sei tsjin de rjochter dat er hielendal net yn de gaten dat er yn oertreding wie.

Neffens in nije wet is it yn besit hawwen fan ferfalske guod net strafber as it allinne foar eigen gebrûk is en net foar de ferkeap. En dat wie it gefal by de samling fan de Lemster. It wie wol te bewizen dat er in soad ferfalske merkhorloazjes hie, mar omdat dat fanwege syn hobby wie, waard er net feroardiele, mar ûntslein fan alle rjochtsferfolging.

Trefwurden: 
De Lemmer rjochter horloazjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)