Hea! De Holy Brothers fan Sint-Nyk sille wer optrede

Hea! De Holy Brothers fan Sint-Nyk sille wer optrede
As De Holy Brothers makken pastoar Nota en dûmny Groeneveld fan Sint-Nyk yn 2001 furoare yn in jeugdtsjerketsjinst. Der folgen in hiel soad optredens foar it duo, oant sels op de lanlike telefyzje.
It waard suver te drok foar it gewoane pastorale wurk. Mar no't de mannen mei emeritaat binne, kinne de gitaar en de mikrofoans wer oppakt wurde.