Justysje giet net yn heger berop tsjin frijspraak yn saak oer mêstûngelok mei Amicitia

17 des 2018 - 14:47

Justysje giet net yn heger berop tsjin de frijspraak yn de saak fan it deadlik ûngelok mei it skip de Amicitia, twa jier lyn. De mêst fan dat skip bruts en kaam del op trije Dútske toeristen, dy't alle trije omkamen.

Justysje rekkene it ûngelok de skipper fan de Amicitia oan. Mar de rjochtbank spruts de man út Stiens ein novimber frij fan dea troch skuld.

De termyn om heger berop yn te stellen is yntusken foarby en dat betsjut dat de frijspraak no definityf wurden is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)