Wolst in snieskower stelle; wachtsje efkes op teiwaar
In 20-jierrige Warkumer hat it de plysje yn Ljouwert snein wol hiel maklik makke nei't hy in lytse snieskower stellen hie. De plysjes hoegden allinich mar it spoar yn de snie te folgjen om de dief fan de saneamde Bobcat op te pakken.
De man hie de snieskower, te fergelykjen mei in sitmeaner, sneintemoarn betiid stellen fan in terrein oan de Merodestrjitte yn Ljouwert. De plysje folge it spoar en kaam út op de Oeverdwersstrjitte. Dêr stie de snieskower.
In befeiliger wiisde de plysje op de Warkumer dief, dy't net op it terrein thús hearde. De man hie de kaai fan de skower noch by him. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk.