Rykswettersteat plantet 48 ipen lâns De Heak

17 des 2018 - 13:55

Rykswettersteat hat moandei 48 ipebeammen plante by de Werpsterhoeke lâns de Heak om Ljouwert. De beammen binne der delsetten yn gearwurking mei stichting Iepenwacht Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Jierrenlang hie de ipesykte de Fryske ipen yn har greep. In soad beammen binne oan de sykte dea gien, mar de soart komt der stadich oan wer boppe-op. Gauke Dam fan de Iepenwacht: "It tal sike beammen wie hiel heech yn 2005. Wy ha it persentaazje redusearje kinnen yn tsien jier tiid. Wy hâlde geregeld ynspeksjes, wêrby't wy sike ipen fuorthelje."

Resistint

Dizze nije 48 beammen binne resistint, alteast dat sizze de gelearden. Dam: "Wy kinne nea yn de takomst sjen wat der bart. Yn totaal herplantsje wy 13.000 beammen. Sike ipen dy't wy omsaagje, moatte wy ek weromplantsje."

Mear natuer

Mei de oanplant fan de nije beammen komt der mear natuer yn de provinsje. Jan Jozef Dalstra fan Rykswettersteat: "Wy hoegden hjir gjin beammen te plantsjen. It hat neat te krijen mei natuerkompensaasje. Mar as Rykswettersteat wolle wy mear dwaan oan de natuer en duorsumens."

Ipen plantsje lâns De Heak

(advertinsje)
(advertinsje)