Noch mar ien Michelinstjer yn Fryslân; Élevé rekket stjer kwyt

17 des 2018 - 13:38

Fryslân hat yn 2019 noch mar ien restaurant mei in Michelinstjer. Restaurant Élevé yn Ljouwert is syn stjer kwytrekke.

Menukaart - Foto: Shutterstock.com

Élevé hie sûnt 2013 in Michelinstjer. Dat wie doe noch foar de eardere Frouckje State yn Ryptsjerk. Doe't dat restaurant feroare yn Élevé en nei it WTC-hotel yn Ljouwert ferhuze, is de stjer ek mei ferhuze.

Domper

Se wienen net by it bekend meitsjen fan de stjerren yn Amsterdam, mar folgen it fia ynternet. "We stonden tussen de restaurants die een ster hebben verloren, dat is een domper. We moeten het even laten bezinken", seit bedriuwslieder fan it hotel én restaurant Ben Helle. "Een ster behalen is één ding, maar een ster behouden is nog lastiger. Het is lastig om het niveau te houden."

Sjefkok fan Élevé, Gilbert van der Heide, krige de earste Michelinstjer al yn 2013 en hat dy sûnt dy tiid hân.

Ben Helle moat noch útlis krije fan Michelin. "We gaan morgen contact opnemen om duidelijkheid te krijgen. Wellicht kunnen we er nog wat van leren."

"Hart onder de riem"

Ferskate besikers ha op it nijs reagearre. "Ze vinden het onbegrijpelijk en zeggen dat ze blijven komen. Ze steken ons een hart onder de riem. We zijn trots op ons team en we blijven ons ding doen. We hopen volgend jaar weer kans te maken. De kop derveur. We gaan gewoon door."

Ben Helle

Lauswolt

Allinnich restaurant de Heeren van Harinxma yn hotel Lauswolt yn Beetstersweach krijt foar it fiifde jier op rige in stjer.

Earder waard al bekend dat Jan Gaastra yn 2019 gjin Michelinstjer mear ha woe foar syn restaurant Koriander yn Drachten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)