Aris hellet âlde bekende Osaikhwuwuomwan werom nei Ljouwert

17 des 2018 - 13:31

Craig Osaikhwuwuomwan komt werom by Aris. De 2,11 meter lange basketballer komt oer fan it Dútske Bochum. Hy kin spylje as center en power forward.

Craig Osaikhwuwuomwan yn it shirt fan Donar - Foto: Orange Pictures

Osaikhwuwuomwan moat by Aris Leonardo Eltink ferfange. De Braziliaanske Nederlanner gie fanwegen ûnwennigens werom nei Brazilië.

It wurdt foar de berne Noard-Brabanner syn tredde perioade by de Ljouwerter basketbalklup. Hy makke ûnder mear diel út fan it Aris dat yn it seizoen 2012-2013 de finale fan de play-offs om it lânskampioenskip helle.

De 28-jierige basketballer kin op tiisdeitejûn yn de achtste finale fan it bekertoernoai al syn debút meitsje. Aris spilet dan op it Kealledykje tsjin Zwolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)