Soad belangstelling foar ynboel fan Aeolus yn Seisbierrum

De ynboel fan de piramide Aeolus yn Seisbierrum kin dizze moandei besjoen wurde. It eardere boartersparadys en doch-sintrum gie ferline jier ticht, om't de ûnderhâldskosten te heech wiene. Alles wat yn en om it gebou stiet, giet yn de ferkeap.
Soad belangstelling foar ynboel fan Aeolus yn Seisbierrum
"Der is no wol aardich wat belangstelling", seit Pieter van der Schoot. Hy is ien fan de minsken dy't it materiaal opkocht hat en no fia in online-feiling fan de hân docht.
"De online-feiling rint al twa wiken en út 29 lannen wei wurdt der bean. Alles wat los en fêst sit, kin op bean wurde. By it guod sit ûnder oare in ballebak, apekoai, mar ek alle hoarekaguod giet fuort."
Pieter van der Schoot
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ek de yn it each fallende metershege fjoertuorren binne populêr. "Minsken fan de Waadeilannen wolle dy wol ha foar op de camping bygelyks. Mar ek foar de hûndert meter lange monorail is belangstelling. It technyske guod dat hjir stiet, is unyk, want it is allegear selsmakke."
In rekreaasje-ûndernimmer hat wol belangstelling foar ien fan de fjoertuorren. Hy hat in rekreaasjepark yn de Betuwe. "Hij komt niet in de achtertuin, daar wordt mijn vrouw niet gelukkig van."
De sjochdei duorret moandei noch oant 16.00 oere. Tiisdeitejûn slút de online-feiling.