82 minsken komme nei earste bleatswimjûn; reden foar in ferfolch

17 des 2018 - 12:36

By Swimfun op De Jouwer koe ôfrûne snein in oere neaken swommen wurde. Neffens it swimbad wie it in grut sukses; der kamen mar leafst 82 minsken. Dêrom sil it inisjatyf yn 2019 in ferfolch krije mei mear bleatswimjûnen.

De yngong fan Swimfun. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

It wie snein foar it earst dat naturisten telâne koenen yn it Jouster swimbad. Swimfun is bliid mei de grutte opkomst en sjocht potinsje foar it projekt.

Ferfolch yn 2019

Op 13 jannewaris en 3 febrewaris 2019 sil it swimbad dêrom opnij iepen wêze foar bleatswimmers. Der kin dan fan 19.00 oant 20.30 oere swommen wurde. As ek dy jûnen suksesfol blike, wol Swimfun it bleatswimmen struktureel opnimme yn de winterplanning.

(advertinsje)
(advertinsje)