Hoe is it no mei Sanne Verhoef fan it lotterijhûs fan VV Ouwe Syl?

"Kom maar op! It giet oan", sei Sanne Verhoef in jier lyn. Se wenne doe krekt yn har nije hûs yn Aldebiltsyl, dat se wûn hie mei de lotterij fan VV Ouwe Syl. No, in jier letter, sit de Arnhemse hielendal op har plak. "Ik mis Arnhem eigenlijk niet. Ik vind het hier geweldig", seit se. Mar ien ding giet noch net sa goed: se hat noch hieltyd gjin baan.
lange repo Sanne Verhoef

Lotterij

5140, mei dat nûmer wûn Sanne op 27 novimber 2017 it hûs oan De Kolk yn Aldebiltsyl. It hûs hat in wearde fan 200.000 euro, mar Sanne har der mar 98 euro foar betelle. "Ik ben vaak in Friesland geweest en vond het een prachtige provincie. Op Facebook zag ik de actie voorbijkomen. Dat vond ik zo'n schitterende actie dat ik besloot een lot te kopen."
VV Ouwe Syl hie dizze lotterij yn it libben roppen om mei de opbringst it ferâldere sportkompleks op te knappen. Troch de lotting makke it doarp 350.000 euro winst.

Thúsfiele

Sanne fielt har al hielendal thús. Se hat freonen yn it doarp en kin goed mei har buorlju opsjitte. "Mijn buurmeisje komt hier geregeld met haar tekenspulletjes langs en laatste heb ik pannenkoeken voor haar gemaakt. Een heerlijk gevoel dat je zo geaccepteerd wordt door het dorp."
It Frysk giet noch net sa goed, mar dat hat se op dit stuit ek net nedich. "Ik versta het Bildts prima, vanaf het begin al. Daarom voel ik nu niet de noodzaak om echt met het Fries bezig te gaan", seit Sanne. Ek de hâlding fan Friezen befalt har goed. "Ik ben altijd iemand die graag 'hoi' zegt als ik mensen tegen kom, maar in Arnhem zegt misschien 1 op de 10 'hoi' terug. Hier in Friesland is dat heel anders. Iedereen is hier zo vriendelijk tegen elkaar."

Hektysk jier

Dizze freonlikens seach Sanne it hiele jier troch, foaral by it sollisitearjen. "Ik heb het hele jaar tientallen sollicitatiebrieven verzonden. Dat vertelde ik aan een vrouw die ik net had ontmoet, een docent Nederlands. Ze bood gelijk aan mijn sollicitatiebrieven te lezen voordat ik ze stuur. Geweldig toch?"
Sanne hat in oplieding as kommunikaasje-adviseur, mar der is yn it midden fan it lân folle mear wurk yn dy sektor. "Ik heb hier nog geen netwerk, dat maakt het extra lastig om werk te vinden. Hierdoor was het best een hectisch jaar. Ik moet er wel echt voor zorgen dat ik gemotiveerd blijf. Want soms komen de muren echt op je af als je zo lang thuis zit."

VV Ouwe Syl wachtet

Krekt as Sanne wachtet it doarp ek noch hieltyd. Yn harren gefal op de keunstgersfjilden en in nij sporthûs. It fuotbalterrein is eigendom fan de gemeente. En om't it doarp krekt ûnderdiel wurden is fan de nije gemeente Waadhoeke, moatte der earst noch offisjele ôfspraken makke wurde.
"De gemeente heeft het sportbeleid nog niet op de rit en daarom duurt het langer om ons plan goed te keuren", seit Natascha van der Laan, foarsitter fan de fuotbalklup. De kosten fan dit plan binne 1,2 miljoen euro. Dêrfan sil VV Ouwe Syl 350.000 euro finansiere. It doarp kin dêrmei 25 prosint fan de kosten sels bydrage. "We hebben op een ludieke wijze geld weten binnen te halen", fertelt Van der Laan.
It plan wurdt tiisdeitejûn yn de ried behannele en dat is spannend, fynt Van der Laan. "Ik probeer positief te blijven, maar ik weet echt niet wat er uitkomt. We zijn redelijk gespannen."

In ûnderfining riker

Sanne stiet ek noch hieltyd posityf yn de situaasje: "Ik geloof niet dat het lot mij deze kant heeft opgestuurd, om me dan vervolgens aan het lot over te laten." Se hâldt der wol rekken mei dat dat slagje moat, wol se yn Fryslân bliuwe. "Het zit constant in mijn achterhoofd. Maar mocht het niet slagen, dan ben ik altijd een ervaring rijker."