Hurdfytster Anouska Koster fynt nije ploech yn Denemarken

Anouska Koster makket op 1 jannewaris de oerstap nei it Deenske Team Virtu. Dat meldt de hurdfytster fan De Westereen op har eigen webside. Koster stiet no noch ûnder kontrakt by de Nederlânske ploech WaowDeals Pro Cycling.
© www.orange-pictures.nl
Koster sjocht út nei it nije aventoer. "Mijn gevoel met dit team is heel goed. De ploeg is internationaal getint en dat trekt me ook aan, vooral omdat ik tot dusver altijd in een Nederlandse omgeving heb gewerkt", seit se op har webside.
De Nederlânsk kampioene fan 2016 sil by har nije ploech in fergelykber programma ride as dit jier. Yn 2018 levere dat ein july ûnder mear in oerwinning op yn de Profronde fan Surhústerfean.