Frijwilligers fan Voedselbank Drachten drok mei krystpakketten

De wike foar de krystdagen is oanbrutsen. In soad minsken ha al sin oan it foarútsjoch fan in hearlik krystmiel. Mar foar in soad minsken is it bêst in drege tiid, in tiid dêr't se finansjele krapte ekstra bot fernimme. Foar dy minsken is de Voedselbank Drachten dizze wike yn it spier om krystpakketten te meitsjen.
© Omrop Fryslân
Foar it meitsjen fan de krystpakketten is de Voedselbank ôfhinklik fan frijwilligers. "Ik doch dit omdat ik wat dwaan wol foar oare minsken, ik bin oan it wurk foar minsken dy't it echt nedich ha," seit sjauffeur Alfred Blaauw, dy't it iten foar yn de pakketten ophellet by winkels.
Frijwilliger Alfred Blaauw

Grut hert

De Voedselbank hat it hiel drok, seit foarsitter Bonnie Feenstra fan Voedselbank Drachten. "Wy diele moandei 27 pakketten út en freed sille wy sa'n 165 pakketten útjaan."
Hoewol't it drok, is komt de organisaaje net yn de problemen. "It is seker noch te dwaan. Wy moatte hiel goed planne en organisearje, mar ús frijwilligers ha in hiel grut hert foar de Voedselbank en mei inoar giet it hiel goed," seit Feenstra.
De Voedselbank hat wol in finansjeel tekoart en is dwaande mei it sykjen fan nije ynkomsten.
Foarsitter Bonnie Feenstra