Kooi Security besiket mei bysûndere aksje oan nije sintralisten te kommen

17 des 2018 - 11:52

Befeiligingsbedriuw Kooi Security yn Drachten wreidet út nei Denemarken en Grikelân. It bedriuw hat dêrom mear minsken nedich, benammen foar de sintrale meldkeamer yn Drachten. It giet om sa'n 4 oant 6 nije banen.

Foto: Kooi Security

Bysûndere aksje

It befeiligingsbedriuw hâldt troch hiel Europa 24 oeren deis boulokaasjes yn de gaten. Om oan genôch minsken te kommen, hat it Drachtster bedriuw in bysûndere aksje opset. Wa't in nije kandidaat oanleveret, kin dêrmei 500 euro fertsjinje. De helte is foar de persoan dy't in kandidaat oanmeldt, de oare 250 euro giet nei in goed doel.

Ynternasjonaal merklieder

Kooi Security is ynternasjonaal merklieder op it mêd fan mobile kamerabefeiliging fan bygelyks boulokaasjes.

(advertinsje)
(advertinsje)