Braziliaansk medium oanhâlden nei oanjefte Fryske koreografe

It ferneamde Braziliaanske medium João Teixeira de Faria hat himsels snein by de plysje yn Brazilië oanjûn. De spirituele hielmaster wurdt der fan beskuldige dat hy mear as 300 froulju seksueel misbrûkt hat. Ien dêrfan is de Fryske koreografe Zahira Lieneke Mous.
© ANP Foto
De yn potinsje grutste misbrûksaak yn Brazilië kaam oan it rôljen nei't de Fryske koreografe Zahira Lieneke Mous oanjefte fan ferkrêfting tsjin him dien hie. De Faria hat in spiritueel sintrum, dêr't tûzenen minsken op ôf kamen. Hy wie yn 2013 noch te sjen yn de telefyzjeshow fan Oprah Winfrey. De Faria úntkent alle beskuldigingen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Petear mei Zahira Lieneke Mous

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust hie in petear mei Zahira Lieneke Mous. Dat petear wurdt tiisdei útstjoerd by Omrop Fryslân radio en telefyzje.