Rinie van der Zanden opnij listlûker Partij voor de Dieren by steateferkiezings

17 des 2018 - 11:04

Sittend fraksjefoarsitter Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren yn Provinsjale Steaten fiert op 'e nij de list oan foar de ferkiezings foar Provinsjale Steaten yn maart. Van der Zanden is sûnt 2015 fraksjefoarsitter.

Foto: Partij voor de Dieren

Van der Zanden is 69 jier. Se hat har wer meld as listlûker om't se nei fjouwer jier ûnderfining goed yn de dossiers sit, seit se sels. Neffens Van der Zanden is it in hiele put wurk as ienpersoansfraksje, mar se hat de enerzjy der noch altiten foar. De partij set yn op in ferdûbeling fan it tal sitten yn de Steaten.

De Partij voor de Dieren makket him by de ferkiezings foaral sterk foar de omslach fan ierdgas nei oare foarmen fan duorsume enerzjy en de oergong nei in duorsumere lânbou. De Partij voor de Dieren docht op 20 maart foar it earst mei yn alle tolve provinsjes by de steateferkiezings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)