Op 'e nij besikersrekôr foar Kazemattenmuseum

17 des 2018 - 10:51

It Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân slút 2018 ôf mei in besikersrekôr. Yn 2018 besochten 17.169 minsken it museum, goed 3.000 mear as it rekôr fan ferline jier.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It foarige rekôr datearret fan 2017. Doe kamen 14.000 besikers nei Koarnwertersân. Neffens it museum komt de groei troch de iepening fan it Afsluitdijk Wadden Center. Ek de ferromming fan de iepeningstiden fan it museum hawwe bydroegen oan it groeiende tal besikers. It museum wie ôfrûne simmer seis dagen yn 'e wike iepen.

Takomst

It Kazemattenmuseum ferwachtet de kommende jierren noch mear groei en ûntwikkelet dêrom plannen om de guttere besikersoantallen op te fangen. Ek sille de iepeningstiden noch fierder ferromme wurde.

Anne van Schepen fan it Kazemattenmuseum

Frijwilligers

It museum wurdt folslein draaiende hâlden troch frijwilligers. "Dat binne der no 80," fertelt Anne van Schepen fan it museum. "We koenen dat dit jier wol fernimme dat it wat begûn te knipen. We binne ambisjeus, dus moatte wol mear minsken hawwe."

Minsken leauwe faak net dat se inkeld mei frijwilligers wurkje. "We moatte de kant fan profesjonalisearring wol op, dêr ûntkomme we net oan. Mar watfoar funksjes moatte der dan komme? Moat der bygelyks in direkteur komme, of ien dy't der alle dagen is en moat der krekt ien foar ûnderhâld komme. Dat sille we yn 2019 op in rychje sette."

Kertiermakker

It museum sil in kertiermakker oanstelle om dat allegear earst yn kaart te bringen. In oar punt is de berikberheid fan it museum. "Besikers moatte parkearje by it Waddencentre en dan fjouwer treppen by it wetter op en del om by it museum te kommen. Dat is net foar elk maklik om te dwaan. Dus it oanpakken fan de berikberheid stiet boppe-oan op ús ferlanglistje."

Betonrot

De kazematten hawwe te krijen mei betonrot. Hoe slim is it? "Dat falt wol wat ta. De kazematten oerlibje ús wol, se binne makke fan trije meter dik beton. Oer in plan fan oanpak sille we mei Rykswettersteat prate."

Hoe tinkt it museum dizze plannen te bekostigjen?


"De ekstra besikers ha fansels mear jild binnenbrocht en minsken keapje ek wolris in kop kofje of in boek. Boppedat prate we mei bedriuwen foar sponsorkontrakten. En foar it earst yn it bestean fan it museum freegje we subsydzje oan by gemeente en provinsje. De provinsje hat al wat takend. We binne optimistysk en ambisjeus."

(Advertinsje)
(Advertinsje)