Kollum: "Lânslipspine"

17 des 2018 - 07:31

"Dit wykein wiene wy wer ris in dei nei de sauna. Seker yn de winter fyn ik it hearlik om de waarmte op te sykjen. Ik bin in echte kâldklûmer en dizze winterske temperatueren binne dan ek neat foar my. Ik doch der alles oan om it oerdeis in bytsje waarm te hâlden. No ja, alles..."

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Doe't wy it fuottebadsje ynstapten, seach ik in wat âlder stel sitten fan in jier as santich. Hy hie in handoek om 'e middel, sy siet der pontifikaal yn de bleate kont. En it koe my net ûntgean dat dizze frou noch nea fan harsen of waxen heard hie yn har bikinysône. Begryp my goed, dit is gjin kommentaar. It is inkeld in konklúzje.

Efkes letter kamen wy yn 'e sauna op 'e nij in frou op leeftyd tsjin dy't de boel dêr ûnder lekker de boel liet. Goh, tocht ik, soe dat echt in generaasje-ding wêze? Dat wy as generaasje X perfoarst alles sa koart en glêd mooglik ha wolle, wylst it de generaasje foar ús en dêr wer foar hielendal neat skele kin.

Ik ha der yn de sauna in lyts ûndersykje op los litten en de konklúzje is dat minsken boppe de fyftich alteast, sa skat ik se ûngefear yn - har net mear stoare oan skamhier. En hiel earlik: ik jou se grut gelyk. Sterker noch, eins soene wy dat ek dwaan moatte. Dat gedoch mei skearen alle dagen; hâld der mei op.

Want lit ús earlik wêze: sa'n skamgebiet as in famke fan fyftjin makket ús der wier net jonger op. It is eins in bytsje beskamjend, om mei tritich plus noch te tinken dat alles dêr ûnder keal wêze moat. En wat noch folle sneuer is: wy sjogge der no allegear presys itselde út.

Jantien de Boer hat it oer 'lânskipspine'. Dêrmei bedoelt se dat it lânskip tsjintwurdich oeral itselde is. It is in 'eenheidsworst' wurden, mei stikken greide as in grien biljart lekken, sa perfekt. No, dat is mei skamhier eins krekt sa. Wy meane it der massaal ôf, wêrtroch't der in krekt like saai lânskip oerbliuwt. Gjin ferdwaalde reidpôltsjes of in leaf boskjes hjir en dêr; nee, it is in keale bedoening yn ús persoanlike plasdrasgebiet.

Read, brún of blond; ik ha der eins gjin idee mear fan wat foar kleur myn skamhier hat. Kroltsjes of styl; ik soe it dy net fertelle kinne. Sadree't der fan dy jokkerige stoppels boppe it meanfjild útkomme, mean ik de boel der wer ôf. Mar wêrom? Wêrom binne wy net grutsk op dat prûkje hier?

Fansels, it moat net in pûde Javaanske Jongens wêze dy't dêr ûnder dyn nâle omheech groeit. Mar gewoan in fersoarge boskje; dat moat dochs kinne? It is per slot fan rekken noch winter ek. Dus by dizze in oprop. Litte wy froulju fan generaasje X mei ús allen wat dwaan oan dizze 'lânslipspine'. Lit ús wer grutsk wêze op it 'natuurschoon' dêr ûnder."

(advertinsje)