Roma wolle monumint Drachten fuort hawwe

17 des 2018 - 06:46

Fan Doet Kallenkoot út Drachten hoecht it net mear. Al jierren fjochtet hy foar de rjochten fan Roma, mar yn Smellingerlân hat hy dy striid opjûn. Hy en syn frou binne teloarsteld yn de gemeente. Dêrom ha se it fersyk yntsjinne om it monumint ta neitins oan de ferstoarne Roma yn de Twadde Wrâldoarloch fuort te heljen.

364 dagen net wolkom

Yn 2007 kaam der by it algemiene betinkingsmonumint yn it Van Haersmapark yn Drachten in betinkingsstien by foar Roma. Dat monumint betinkt de famylje fan de frou fan Doet Kallenkoot, mar neffens him en syn frou is it foar de Roma-famylje Mirosch, dy't slachtoffer wurden is fan de oarloch. Dochs wol er it monumint no fuorthelje litte. "Als we één dag in het jaar deze slachtoffers herdenken, maar we de andere 364 dagen niet welkom zijn, dan hoeft het van ons niet", fertelt Kallenkoot.

Foto: Wikipedia

Nije wenweinplakken

De gemeenteried fan Smellingerlân stimde krekt lyn unanym foar it plan om nije wenweinplakken te finen yn de gemeente. Dochs hawwe Kallenkoot en syn frou der gjin fertrouwen mear yn. De plakken soene dizze simmer al ferjûn wurde moatte, mar al fjouwer jier wurdt der praten oer nije plakken. Sa gau soene der gjin plakken fûn wurde kinne, miene se. Boppedat giet it dan noch om kavels. In soad Roma yn de gemeente sitte yn de bystân en soene sels gjin wenwein betelje kinne.

Doet Kallenkoot wol it monumint fuorthelje litte

Gemeente fynt it spitich

De gemeente fynt it spitich dat Kallenkoot en syn frou der sa oer tinke. Sy hienen al earder oanjûn net mear mei de gemeente prate te wollen. De gemeente sil útsykje oft by mear minsken it gefoel spilet dat it monumint fuort moat.

Trefwurden: 
Drachten Smellingerlân Roma
(advertinsje)
(advertinsje)