90-jierrige frou út Van Harinxmakanaal rêden

17 des 2018 - 06:12

In 47-jierrige frou en twa 21-jierrige manlju ha sneontejûn lâns de Nylânsdyk by Ljouwert in 90-jierrige frou út it wetter fan it Van Harinxmakanaal rêden. De 47-jierige frou ried oer de Nylânsdyk en seach de frou yn it wetter ferdwinen. Se koe de frou fêstpakke en wist de holle fan it slachtoffer boppe wetter te hâlden. Yntusken rôp se om help.

Plysje - Foto: ANP

Meardere auto's rieden foarby, oant de twa 21-jierrige manlju yn 'e auto lânsrieden en op 'e remme trapen. Tegearre koene de manlju de 90-jierrige frou út it wetter helje. It ûnderkuolle slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje hat de famylje op de hichte brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)