Sven Kramer: "As ik moarn myn fiters net dwaan kin, dan rin ik wol op bleate fuotten"

16 des 2018 - 21:37

Stadichoan giet it fysyk better mei Sven Kramer. Dat sei de reedrider nei syn 5.000 meter op de wrâldbeker yn Thialf. "As ik sjoch nei hoe't ik de ôfrûne twa moannen rûn te kloatsjen, dan bin ik no wol bliid." Kramer, dy't in pear wedstriden miste fanwege in rêchblessuere, waard tredde yn in tiid fan 6.10.61.

"Ik kin der wol mei libje. Dat sil ek wol moatte", sei Kramer oer syn tiid yn Thialf. Hielendal sûnder pine ried er lykwols net. "Mar dat is noait sa. De ôfrûne pear jier ha ik ek net sûnder pine riden."

Dochs befalt it reedriden him noch goed. "Ik fyn it noch hartstikke leuk. Ja, ik har mindere mominten as it net goed giet, mar ik ryd ek net alle dagen 6.10. Dus sa slecht giet it ek net."

No hoopje dat ik dit trochlûke kin nei oer twa wiken.

Sven Kramer sjocht alfêst foarút

Kramer moast de ôfrûne wedstriden oan him foarby gean litte fanwege in slepende blessuere oan 'e rêch. Dochs fernuveret it him net dat er no yn Thialf wer sa goed ried. "Ik kin wol aardich ride, dus dêr twivelje ik net oan. Mar it moat even op syn plak falle. No hoopje ik dat ik dizze line trochlûke kin nei oer twa wiken." Dan is it NK ôfstannen, ek op Thialf. Dêr kinne de riders har pleatse foar it WK ôfstannen fan febrewaris yn Inzell.

De fraach is noch even hoe't Kramer him in dei letter fielt. "Dêr giet it om." Hat er dan noch lest fan dizze ynspanning? Earder sei Kramer alris dat er troch de pine de fiters fan de skuon net iens dwaan koe. "Dan rinne we moarn op bleate fuotten troch it hûs!"

Trefwurden: 
reedriden Thialf Sven Kramer
(advertinsje)
(advertinsje)