Tryater makket stik oer 'fergetten groep'

16 des 2018 - 21:13

Wêr moatte je hinne as je net meikomme kinne yn it hurde bestean fan hjoed-de-dei en bygelyks net by in 'gewoan' bedriuw wurkje kinne? Is der noch plak en romte foar dy groep minsken? Dêroer makket Tryater dit neijier in teäterstik. De 'fergetten groep', dy't by ynstellingen lykas Caparis wurkje, krije it yn ús maatskippij hieltyd dreger en ferdwine miskien wol út it strjitbyld as der net om tocht wurdt. Foar artistyk lieder Ira Judkovskaja en Douwe Dijkstra, dy't it stik skriuwe sil, wie it oanlieding om yn dizze wrâld te dûken.

Tryater makket stik oer 'ferjitten groep'

Mei syn twaen rinne se troch de fabrykshal yn Drachten. Sa no en dan steane se stil en lústerje se nei wat de wurkbegelieders fertelle of se prate mei de minsken dy't hurd oan it wurk binne. Foar Judkovskaja giet der in wrâld iepen: "Door hier te zijn merk je wat ze hier allemaal maken. Veel dingen die wij dagelijks door onze handen krijgen zijn ingepakt of gemaakt door deze mensen. De wereld is veel meer met elkaar verbonden dan we soms denken." Se doelt op de meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjenner Caparis.

Beroppen dy't ferdwûn binne

It idee is ûntstien nei in petear dat Judkovskaja hie mei in politikus, "Het was een gesprek over de iepen mienskip en inclusiviteit. Maar wie vergeten we? Toen kwam deze groep naar voren."

It antwurd siet him foar in part yn de beroppen dy't no ferdwine: "Inpakker bij een kruidenier bijvoorbeeld of boerenknecht. Banen die niet moeilijk zijn en verdwijnen door automatisering. Deze mensen komen dan al snel terecht bij een sociale werkplaats."

Foto: Omrop Fryslân

"We zitten nu in de onderzoeksfase", seit Judkovskaja. "We moeten een goed beeld krijgen van deze mensen." Douwe Dijkstra: "De haadfraach dy't we beäntwurde ha wolle is oft der no, hjoed-de-dei, noch wol romte is foar dizze minsken fan bygelyks in sosjale wurkfoarsjenner of minsken dy't by ynstellingen lykas de GGZ sitte. Kin elkenien de feroarjende wrâld noch wol oan en wat betsjut dat foar de direkte omjouwing?"

De opset fan de sosjale wurkfoarsjenners feroaret ek. Minsken wurde no klearstoomd foar in gewoane baan. "Maar kan dat wel?", freget Judkovskaja har ôf. "Of is dit een groep die zo meteen thuisblijft en dus uit beeld verdwijnt? Mensen die dan dus niet meer meedraaien in de maatschappij."

"It moat in ferhaal wurde mei in minsklik perspektyf", seit Dijkstra. Nei de simmer wol hy it stik ôf ha. Mei regisseur Eelco Venema giet Dijkstra dan oan de slach. Yn it neijier wolle se der mei troch de provinsje. "Mar we meitsje it net te swier."

(Advertinsje)
(Advertinsje)