Seehûne-opfang op Skylge moat foarearst ticht

De seehûne-opfang op Skylge is foarearst ticht. De opfang hat beslute moatten om foarearst gjin seehûnen op te fangen. Grutste reden is dat it haad opfang Tiny Thoma fuort is.
Seehûnepup © Shutterstock.com
Dat hat foaral te krijen mei privee-omstannichheden fan Thoma.
Mar nei oardiel jier die Thoma it wurk altyd noch fergees, omdat de opfang op Skylge ek noch hieltyd gjin definitive fergunning hat. De Stichting Zeehondenopvang Terschelling, de ZOT, is drok dwaande om dy definitive fergunning te krijen en dan dêrnei ek in definitive lokaasje.
Dat keallet lykwols swier. Op dit stuit is de stichting op syk nei in nije haad soarch. Yntusken hat foarsitter Guus Schweigmann ien serieuze reaksje krigen. Dy wurdt fierder ûndersocht.

No nei Pieterburen

De frijwilligers fan de seehûne-opfang op Skylge meitsje wol alle dagen in blokje oer it strân. De seehûnen wurdt no nei Pieterburen brocht. De ôfrûne tiid binne der al sa'n sân pups nei it Grinzer plak ta brocht.