Antoinette de Jong oer winst yn Thialf: "Ik wie hiel senuweftich"

16 des 2018 - 20:21

Antoinette de Jong wûn snein de 3.000 meter op de wrâldbekerwedstriid yn Thialf. Dat die se yn de tredde tiid dy't ea yn it Fryske stadion riden waard: 3.59.41. "Ik hie al tocht dat der hiel wat mooglik wie", sei de reedrydster fan It Hearrenfean nei de race.

Antoinette de Jong nei 3km

"Ik hie al sjoen dat der hiel hurd riden waard. Ik tocht sels even dat ik miskien it baanrekôr ferbetterje koe." Dat slagge krekt net. "Ik begûn mei 9,9 en dat wie in bytsje te hurd. En ik miste dochs myn tsjinstanner op dat momint." De Jong soe har rit tsjin Ireen Wüst ride, mar dy melde har ôf. "Njonken in oar starte jout dochs in better gefoel. It publyk holp my der wol goed trochhinne, mar ik bin dochs wat te hurd begûn. Mar ja, ast it net besikest, dan rêdst it ek noait."

Wat foar ferskil makket it dat se no allinnich ride moast? "Ik ha in raceplan en dat fisualisearrest. No moast ik myn hiele raceplan bywurkje. Dan tinkst: 'no komt se binnentroch; o nee, se is der net'. Mar no gie it ek goed, hear. Ik bin hiel bliid mei myn race."

Ekstra spanning om betide start

De Jong ried al yn de twadde rit. Nei har kamen noch tolve rydsters op it iis. Dat soarge foar ekstra spanning by De Jong. "Ja, want witst net wat der mooglik is. Ik bin wend om yn de lêste ritten te starten. Dan kinst sjen hoe't oaren ride." Dit wie dus hiel oars. "No moatst sels in tiid delsette. Oan de iene kant ek hiel noflik, want dan kinst echt dyn eigen rit ride. Mar no wie it yn de lêste ritten wol hiel spannend."

Yn rit seis en sân kamen bygelyks Weidemann, Visser en Sábliková noch yn aksje. Allegear grutte konkurrinten foar De Jong, normaal wei. "Ik wie dus ek hiel senuweftich. Ik tocht: 'As er no mar gjinien ûndertroch giet!' Se kamen wol tichteby, mar krekt gjinien kaam ûnder myn tiid."

(Advertinsje)
(Advertinsje)