FIDEO: Sjoch hjir nei de dokumintêre €astermar

16 des 2018 - 20:00

Begjin dit jier foel de heechste Postcodekanjer ea yn Eastermar; in bedrach fan 53,9 miljoen euro. It doarp stie folslein op 'e kop. Mar no 't de rêst wer werom is, ûntstiet de fraach, hoe giet it no mei de ynwenners fan Eastermar dy't in priis wûn hawwe? De dokumintêre astermar portrettearret in oantal minsken út it doarp dy't fertelle oer dy bewuste wike yn jannewaris. Wat dogge se mei it jild en wat hat it yn harren libben feroare? En, makket jild lokkich?

Dizze Fryslân DOK-dokumintêre wie sneon ek te sjen op NPO2 en snein fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)