Dickensfestivals lûke nei skatting 110.000 minsken yn Ljouwert; 27.000 op De Lemmer

16 des 2018 - 19:19

It Dickensfestival yn Ljouwert hat ôfrûne wykein sa'n 110.000 minsken lutsen. Dat is mear as de organisaasje ferwachte hie. Dy gie út fan 30.000 deis. Sneon wie de drokste dei, doe kamen der sa'n 70.000 minsken nei it festival ta. It gefolch wie dat der yn de binnenstêd gjin parkearromte mear wie.

Omrop Fryslân stie dit wykein ek yn it sintrum fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Diana de Groot

De organisaasje is oer it gehiel tefreden mei it ferrin fan it festival. De sfear wie goed en ûntspannen.

Dochs binne der in tal punten dy't ferbettere wurde kinne. Sa wie de rûte miskien krekt wat te lang. Ek foelen de akteurs fuort yn de grutte minskemassa. De organisaasje besjocht oft dat takom jier ek oars kin.

Problemen ha har fierder net foardien. It bleau beheind ta ien frou nei dy't fallen wie en in famke mei in lytse brânwûne.

Omrop Fryslân stie ek twa dagen yn it sintrum fan Ljouwert. De radioprogramma's Sneon yn Fryslân en Snein yn Fryslân kamen live fan it Waagplein ôf. Elkenien koe by de mobile studio syn persoanlike top 5 ynfolje foar de Fryske top 100. Boppedat wiene der optredens fan ferskate top 100-artysten.

Ferslachjouwer Geert van Tuinen seach yn Ljouwert

Lemster Dickens Festijn - Foto: Geke de Groot-Willems

27.000 minsken nei De Lemmer

Ek it Lemster Dickens Festijn wie neffens de organisaasje dêr in sukses. Der kamen 27.000 minsken nei De Lemmer ta en dat wie ek dêr mear as de organisaasje ferwachte hie.

Dat is in nije organisaasje, want dejinge dy't der yn 2016 mei begûn, hold der nei ôfrûne jier mei op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)