Ljouwerter Sander Arends wint NK tennis yn it dûbeldspul

16 des 2018 - 18:07

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is sneintemiddei Nederlânsk kampioen wurden. Yn de finale fan it dûbeldspul wie hy, tegearre mei Matwé Middelkoop, mei 5-7, 6-2 en 10-8 te sterk foar Scott Griekspoor en Botic van de Zandschulp. Arends is de earste Fryske nasjonaal kampioen ea.

Sander Arends en Matwé Middelkoop - Foto: Frans Arends

It Nederlânsk kampioenskip waard dit jier hâlden yn Alpen aan den Rijn. Arends en Middelkoop wiene as earste pleatst. Dat makken se wier yn de finale, al wie it begjin noch foar Griekspoor en Van de Zandschulp. Sy pakten de earste set mei 7-5. Dêrnei stelden Arends en Middelkoop oarder op saken. De twadde set gie mei 6-2 nei harren. De supertiebreak wie spannend, mar gie mei 10-8 ek nei Arends en Middelkoop.

Punten pakke op lytsere toernoaien

Troch in blessuere is Arends op de wrâldranglist ôfsakke nei plak 94. Earder dit jier stie er 55e en die er mei oan de grutte toernoaien fan Wimbledon en Roland Garros. Foar it begjin fan 2019 sil Arends net ôfreizgje nei Australië foar de Australian Open.

Yn stee dêrfan rjochtet er him fan jannewaris ôf op de lytsere challengertoernoaien yn Europa. Troch dêr punten te heljen wol er dan wer nei (heechste) ATP-nivo.

Sander Arends - Foto: www.orange-pictures.nl

Weissborn is Arends' maat

Ofrûne jier spile Arends mei ferskate dûbeldmaten. Foar takom jier hat hy mei Tristan-Samuel Weissborn út Eastenryk ôfpraat om in koppel te foarmjen. Se wolle besykje oft sy in fêst duo wêze kinne.

Om harren sa goed mooglik ta te rieden op it nije seizoen, komt Weissborn takom wike nei Nederlân om te trainen. Yn jannewaris sil Arends dan foar in trainingswike nei Eastenryk.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)