Brûnzen medalje foar Kramer by rentree yn wrâldbeker

16 des 2018 - 17:25

Sven Kramer hat snein yn Thialf by syn rentree yn it wrâldbekersirkwy in brûnzen medalje pakt op de 5.000 meter. De trijefâldich olympysk kampioen op dy ôfstân ried in hiel sterke race en kaam úteinlik ta in tiid fan 6.10.61. De gouden medalje gong nei Danila Semerikov út Ruslân. Hy ried in nij baanrekôr fan 6.08.96. It sulver wie mei in tiid fan 6.09.82 foar Patrick Roest.

Sven Kramer nei rentree

Kramer moast fanwegen in slepende rêchblessuere de ôfrûne twa wrâldbekers oan him foarby gean litte. It wie lang ûndúdlik oft er op tiid fit genôch wêze soe foar de wedstriid op It Hearrenfean. Omdat Kramer de ôfrûne wedstriden sjitte litte moast, moast er snein al yn de earste rit starte.

Bergsma fiifde

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn einige op it fiifde plak. Hy ried nei Kramer yn de twadde rit, mar it slagge him net om ûnder it skema fan syn grutte konkurrint te kommen. Bergsma sette úteinlik in tiid fan 6.12.16 op de klokken.

De fjirde Nederlanner yn de A-groep, Marcel Bosker, waard njoggende mei in tiid fan 6.16.84.

(Advertinsje)
(Advertinsje)