Antoinette de Jong wint 3.000 meter op wrâldbeker yn Thialf
Antoinette de Jong hat sneintemiddei de 3.000 meter op de wrâldbeker yn Thialf wûn. De 23-jierrige reedrydster ried mei 3.59.41 de tredde tiid ea yn it Fryske iisstadion.
De Jong ried de hiele rit allinnich. Se soe ride tsjin Ireen Wüst, mar sy melde har nei de 1.000 meter earder op snein ôf.
It sulver op de 3.000 meter gong nei de Kanadeeske Isabelle Weidemann, dy't 4.00.12 nedich hie. Mei in tiid fan 4.00.33 kaam de Tsjechyske Martina Sábliková op it tredde plak.
Anema fjirtjinde
Reina Anema fan De Gordyk kaam net fierder as it fjirtjinde plak. Se ried in tiid fan 4.08.47 en wie dêrmei mear as fjouwer sekonden stadiger as by it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai yn novimber.
Esmee Visser einige mei 4.00.62 op it fjirde plak, wylst Melissa Wijfje op plak sân einige mei in tiid fan 4.02.73.