Marijke Roskam oer de REC: "Lit bewenners sels mjitte"

16 des 2018 - 14:38

Bewenners fan Harns en omkriten ha gjin fertrouwen mear yn Omrin, en dat is ek begryplik, fynt Marijke Roskam. Se sei dit yn it radioprogramma Buro de Vries, dêr't Roskam, Aukje de Vries (VVD) en Tjibbe Brinkman (FNP Achtkarspelen) yn it nijsfoarum praten oer de ôffaloven. Marijke Roskam is sneon keazen as listlûker fan de PvdA foar de kommende steateferkiezings.

Marijke Roskam - Foto: BNR

De trije foarumleden wiene it der oer iens dat it fierstente faak ferkeard giet mei de ôffaloven. Dan is it logysk dat de minsken yn Harns en omkriten har soargen meitsje oer de sûnens fan harsels en har bern.

Roskam kaam mei it idee om de ynwenners sels mjitte te litten hokker stoffen no krekt útstjitten wurde troch de ôffaloven. "Dan fertrouwe de minsken de útslaggen fan sa'n mjitting teminsten."

Marijke Roskam

De ôffaloven yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Fierder waard sein dat in ûnôfhinklik technysk saakkundich bedriuw de hiele ôffaloven ris goed trochljochtsje moat, omdat der no fierstente faak steurings binne.

Ek de kommunikaasje fan Omrin moat folle better. Dat liket hielendal nearne nei, neffens Roskam, dy't har foar har wurk dwaande hâldt mei kommunikaasje.

Marijke Roskam is moandei 17 desimber te gast yn it Omrop Fryslân-telefyzjeprogramma It Polytburo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)