Wüst kin keunststikje fan 1500 meter net werhelje op de 1000 meter

Ireen Wüst is der op de wrâldbeker yn Thialf net yn slagge om in medalje te pakken op de 1000 meter. De reedrydster fan It Hearrenfean ried 1.14.82 en waard dêrmei achtste. Wüst gooide op sneon noch hege eagen mei in baanrekôr op de 1500 meter.
© www.orange-pictures.nl
De Amerikaanske Brittany Bowe pakte it goud mei in nij baanrekôr fan 1.13.24. De Japanske Miho Takagi wûn sulver mei 1.13.92. It tredde plak gie mei 1.14.03 nei Yekaterina Shikhova út Ruslân.
Letitia de Jong nei 1000 meter
Letitia de Jong fan Feanwâlden einige krekt efter Wüst as njoggende. De 25-jierrige reedrydster ried in tiid fan 1.14.90. De iennige oare Nederlânske yn de A-groep, Jutta Leerdam, waard sânde mei 1.14.49.