SC Hearrenfean kin grutte efterstân by it skoft tsjin Utrecht net mear goedmeitsje

16 des 2018 - 14:31

SC Hearrenfean hat snein thús mei 3-2 ferlern fan FC Utrecht. De earste helte spilen de Feansters abominabel en by it skoft wie it 0-3. Yn de twadde helte gie Hearrenfean mei man en macht op syk nei de oansluting. Nei goals fan Vlap en Van Amersfoort waard it noch wol spannend, mar fierder kaam de ploech fan Jan Olde Riekerink net.

Nei in betide goal fan Emil Bergström foar FC Utrecht yn 14de minút bepaalde de besykjende ploech de wedstriid yn it Abe Lenstrastadion. Binnen in healoere waard it 0-2 troch in goal fan Gyrano Kerk, dy't Kik Pierie útspile en de bal ûnder keeper Warner Hahn trochskeat.

Flak foar rêst, yn de blessueretiid, skoarde FC Utrecht opnij: mei in hurde knal ferraste Oussama Tannane keeper Hahn yn de koarte hoeke. Krekt as by de twadde goal seach Hahn der net goed út.

Op alle kanten tekoart

By de Feansters ûntbruts de opbou fan achteren wei; se kamen yn de earste helte amper foar de goal. De ploech fan Olde Riekerink wie wol op syk nei de oansluting, mar aksjes fan Sam Lammers en Arber Zeneli waarden net gefaarlik. Allinnich Mitchell van Bergen kaam nei in moaie aksje ta in sjitkâns, mar dy gie oer.

Utrecht wie 'heer en meester' yn de earste helte. By de Friezen wie de ferdigening matich, waard it middenfjild oerrûn en stienen de oanfallers op in eilantsje. SC Hearrenfean skeat op alle kanten tekoart.

Nei de tee

Nei it skoft koe SC Hearrenfean lang om let wat werom dwaan. Yn de 69ste minút skeat Michel Vlap heech yn de goal. Al frij gau dêrnei, yn de 75ste minút, koe ynfaller Pelle van Amersfoort de bal út in corner fan Arber Zeneli achter keeper David Jensen koppe.

Pelle van Amersfoort nei syn goal - Foto: www.orange-pictures.nl

Vlap wie dêrnei ek flakby de lykmakker, mar de bal einige yn de hannen fan Jensen. Yn de 85ste minút wie it dan wol hast safier, mar de foarset fan Mihajlovic waard fan rjochting feroare.

Op it lêst like FC Utrecht mei tsien man fierder te moatten, mar de VAR draaide in reade kaart foar Lukas Görtler werom.

Slotoffinsyf

Trainer Olde Riekerink brocht stoarmram Jizz Hornkamp noch yn foar Lucas Woudenberg. Yn de 90ste minút koe Van Amersfoort hast dochs noch de lykmakker meitsje, mar syn ynset waard keard.

Yn de fiif minuten blessueretiid gienen de Feansters mei man en macht op syk nei lykmakker, alles spilers stiene oanfallend ynsteld. Sels keeper Hahn gie mei nei foaren by in corner. De bal fan Zeneli wie lykwols te leech en Utrecht koe fuortwurkje.

Noch twa kear

It wie de lêste thúswedstriid fan Hearrenfean foar de winterstop. Takom woansdei spilet Hearrenfean noch foar de beker tsjin ODIN'59 en sneon út tsjin NAC.

Lykas yn de rest fan Fryslân, lei der ek op It Hearrenfean snie. Moarns hie in team it fjild sniefrij makke.

Kultheld Henk

De Fryske klup hat snein foarôfgeand oan de wedstriid ôfskied nommen fan Henk Veerman.

SC Hearrenfean - FC Utrecht 2-3 (0-3) 14. Bergström 0-1, 26. Kerk 0-2, 45+2. Tannane 0-3, 69. Vlap 1-3, 75. Van Amersfoort 2-3

Opstelling Hearrenfean: Hahn, Floranus, Schmidt (63/Van Amersfoort), Pierie, Woudenberg (89/Hornkamp), Kobayashi, Rienstra, Vlap, Van Bergen (46/Mihajlovic), Lammers, Zeneli

(advertinsje)