Douwe de Vries wint B-groep op de 5000 meter yn nij persoanlik rekôr

Douwe de Vries hat sneintemiddei op de wrâldbeker yn Thialf de 5000 meter yn de B-groep wûn. De 36-jierrige reedrider die dit mei in persoanlik rekôr fan 6.13.58, tolve hûndertsten flugger as syn âlde rekôr.
Douwe de Vries © ANP
De Fryske reedrider moast yn de B-groep starte trochdat hy de wrâldbeker yn Poalen fan twa wiken lyn oerslein hat. De Vries joech doe de foarkar oan in trainingskamp yn it Italiaanske Collalbo en foel hjirtroch flink werom yn it klassemint.
Douwe de Vries wint B-groep 5km
It twadde plak yn de B-groep gong mei in tiid fan 6.15.84 nei de Hollânske Kanadees Ted-Jan Bloemen. De Nij-Seelanner Peter Michael waard tredde mei in tiid fan 6.16.41.