Tentoanstelling 'Wâldman' lit tsjustere kant fan mienskip sjen

16 des 2018 - 12:22

Tjibbe Hooghiemstra leit yn de tentoanstelling 'Wâldman' yn Museum Belvédère in tsjustere kant fan de mienskip bleat. Oer dy skaadkanten fan de mienskip praten yn Buro de Vries keunstner Tjibbe Hooghiemstra, boargemaster (en inisjator fan Kulturele Haadstêd) Jannewietske de Vries, skriuwer en ferhaleferteller Douwe Kootstra en programmamakker Willem (Wâldpyk) de Vries mei elkoar.

Foto: Museum Belvédère

"It is in kombinaasje fan byld, lûd en tekst", leit keunstner Tjibbe Hooghiemstra út. "It grypt de minsken oan en dat wie ek de bedoeling."

Hy hat fjouwer jier wurke oan de tentoanstelling mei skilderijen, foto's en tekeningen. Oanlieding wie in misstân yn de Wâlden. "Elkenien wist derfan, it wie in publyk geheim, mar it waard ûnder it kleed skood en minsken seagen de oare kant út."

Neffens him wurdt de Wâldman wol wat kultivearre, ek yn de media. It giet him lykwols om de ûnsichtbere laach derûnder.

Tjibbe Hooghiemstra oer syn tentoanstelling

Foto: Omrop Fryslân, Marijke de Boer

Wat is de Wâldman?

Neffens Willem de Vries is de streek de Wâlden in mienskip op himsels. Douwe Kootstra omskriuwt de mentaliteit fan de Wâldman as 'wy rêde ússels, bemuoi dy der net mei'.

Jannewietske de Vries, har famylje komt út de Wâlden, hat bewust keazen foar it tema 'iepen mienskip'. "Want oan in mienskip sitte ek tsjustere kanten, it kin ek sletten wêze."

Se fynt it passend dat dizze tentoanstelling noch oan de ein fan dit LF2018 te sjen is. "Kulturele haadstêd is no dien, mar we binne noch lang net klear. Dêrom ha we ek de Re-Opening fierd, we geane troch yn de kommende jierren, mei moaie projekten en programma's om mear minsken te berikken. En ek wat sear docht, moatte we beneame en mei oan de slach gean."

It petear yn Buro de Vries

Neist de tentoanstelling yn Museum Belvédère is der ek in boek ferskynd mei wurk fan Nyk de Vries, Tsead Bruinja en Douwe Kootstra.

De útstalling is oant en mei 27 jannewaris 2019 te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)