Johanna rûn in jier om yn Eastermar: hoe geane ynwenners mei de miljoenen om?

16 des 2018 - 12:00

Troch Johanna Brinkman

It wie in prachtige, mar o sa kâlde dei yn jannewaris. Ik stapte It Breed op, dêr't in pear dagen earder noch it grutte kanjerfeest plak fûn. It plein wie no leech en de rêst yn it doarp wer werom.

Eastermar fanút de loft - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ik wie as nijsferslachjouwer op 'en paad om minsken op strjitte te freegjen nei wat se fan it idee fan it fûns fine. In pear doarpsbewenners hiene betocht dat it moai wêze soe dat de priiswinners troch in fûns jild by mekoar bringe om de earmere minsken yn Eastermar helpe te kinne as der in kear in waskmasine stikken is.

It idee waard oppakt yn de lanlike media, mar wat fûnen de priiswinners fan Eastermar der sels fan? Ik rekke oan de praat mei in âldere man dy't op kamera wol wat fertelle woe. En fia him kaam ik wer by in buorman út.

Foar't ik it wist, siet ik de rest fan de dei by ferskate minsken yn de hûskeamer en ha se my yn 'geuren en kleuren' ferteld hoe't it foar harren wie om wol of net in priis te winnen. Dit wie foar my it momint dat ik tocht; hjir moat in dokumintêre oer makke wurde.

Gewoan Eastermar

Fan dat momint ôf begûn myn ûndersyk. Ik ha yn it doarp omstrúnd om te sjen hoe't de minsken wenje, wat se dogge, hoe't se mei mekoar omgean, wat wichtich foar se is.

In moai plakje foar my om mei minsken te praten wie yn de winkel 'Alles ûnder ien dak' fan Sippie en Sjouke Wijnsma. By de kassa wie der altyd wol in momintsje om it oer de Postcodekanjer te hawwen.

Al bespeurde ik nei ferrin fan tiid dat de minsken der ek wol wat klear mei wiene. Yn it begjin fan it jier wie it it praat fan de dei, mar nei in pear moannen moast Eastermar foaral mar wer normaal wêze. Al dy media-oandacht, dat wie no wol ris klear.

Der waard ek net oan de grutte klok hongen wat eltsenien mei it jild die. Ek om de minsken sûnder priis net tefolle te konfrontearjen. Ik krige fan bûten it doarp gauris de fraach oft der net allegear 'haat en nijd' yn Eastermar wie tusken minsken mei en sûnder priis. Der sille fêst wol wat west ha, mar de Eastermarders hâlde dat foar harren sels. Se gunne mekoar allegear sa'n priis, waard der faak sein.

Oft dat echt sa is, dêr bin ik net achter kaam. Mar Eastermar is in hechte mienskip dy't mekoar liket te beskermjen en dêr't se foaral mar sa gewoan mooglik wêze wolle.

By Sjouke yn de winkel - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Dream fan in miljonêr

It is bêst wol in opjefte om it ferhaal fan in doarp in yn dokumintêre fan in healoere te fertellen. Dêrom ha ik my foaral fokusse op twa haadpersoanen dy't ús meinimme yn harren wrâld.

Sa kaam ik yn kontakt mei Johan de Haan, de soan fan de grutte haadpriiswinners. Hy woe foar Omrop Fryslân in útsûndering meitsje en meiwurkje oan myn dokumintêre om syn ferhaal te fertellen.

It winnen fan hast 18 miljoen hie in grutte ympakt op syn famylje. Net allinnich it grutte bedrach, mar ek de rabberij en biddelbrieven hat harren wrâld kompleet op syn kop set.

Mar it like Johan in goed idee om dêr ynsjoch yn te jaan, sadat minsken him better begripe kinne. Hy hat my it fertrouwen jûn om dat goed yn byld te bringen. Op dit stuit wol Johan graach syn grutte dream yn ferfolling gean litte: in muzykalbum meitsje.

Eastermar; de dokumintere

De oare kant

Mar neist alle bliidskip oangeande de Postcodekanjer yn Eastermar is der ek in oare kant. It is my troch it ferhaal fan Henderika Atsma goed dúdlik wurden datst mei jild moaie dingen dwaan kinst, mar dat sûnens net te keap is.

Ast net sûn bist, dan krijt jild in oare betsjutting. Henderika hat de seldsume longsykte LAM en moat yn de takomst mooglik nije longen ha. Har famylje hie ien lot dat goed is foar sa'n 50.000 euro. It jild dat sy en har famylje wûn ha, besteegje se oan leuke dingen dy't se no noch dwaan kinne.

Fia in freondinne kaam ik by har op de kofje en ha ik har frege oft sy my mei har ferhaal dy oare kant sjen litte woe. Dêr hoegde se net lang oer nei te tinken.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Wat goeds foar it doarp

It ferhaal oer it fûns hat my net loslitten. Yn it begjin fan it jier hearde ik der noch wolris wat oer, mar it waard hieltyd stiller. Wie it idee dan dochs mislearre? Wie der tefolle kommentaar op de plannen?

Yn de simmer hie ik kontakt mei Anne Oosterdijk. Hy en syn frou Nynke de Jong binne de inisjatyfnimmers. Al gau waard my dúdlik dat sy hiel goed begripe koene dat der yn it begjin wat krityk west hat op it idee fan it fûns. Mar dat it harren allinnich mar stipe hat om wat goeds te betinken foar de mienskip fan Eastermar.

En dêr binne se noch hieltyd mei dwaande. In groep Eastermarders komt om de safolle tiid by mekoar om fierdere plannen út te wurkjen. Mei stipe fan buro DeLimes is de wurkgroep derfan oertsjûge dat se yn de takomst wat goeds foar it doarp dwaan kinne, yn wat foar foarm dan ek.

Mienskip

As in frjemde bin ik samar mei myn kamera in nije mienskip binnenstapt. Dêrom fernuvere it my ek hoe hertlik ik ûntfongen waard yn Eastermar en hoe maklik it wie om mei ynwenners te praten.

Se ha my meinaam yn harren wrâld en dêrtroch koe ik fan tichteby meimeitsje hoe't sy libje. Troch in pear minsken te portrettearjen ha ik dit sa goed mooglik besocht te fertalen nei in dokumintêre dy't oer it hiele doarp giet.

It hat my moaie ynsichten en freonskippen brocht én bin sels in bytsje fereale rekke op Eastermar.

De dokumintêre is snein fan 17.00 oere ôf by Omrop Fryslan te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)