Hans Jouta makket byld fan Johan Cruijff foar by de ArenA

16 des 2018 - 10:59

Hans Jouta fan Ferwert sil it byld fan Johan Cruijff meitsje. It byld moat by de Johan Cruijff ArenA yn Amsterdam komme te stean. Ajaxsupporters ha dêr yn trije moannen tiid 75.000 euro foar ophelle.

Foto: ANP

De wurkgroep 'Deze man verdient een standbeeld' keas Jouta út mear as tritich oanmeldingen fan keunstners om it byld te meitsjen.

"Jouta was het meest overtuigend, enthousiast en concreet. Dat hij regelmatig bij thuiswedstrijden in het stadion zit, versterkt het uitgangspunt van de werkgroep dat het standbeeld vanuit en door de supporters wordt gerealiseerd", seit inisjatyfnimmer Herjan Pullen.

Jouta makke earder ek al it stânbyld fan Bobby Haarms, dat by de haadyngong fan de Johan Cruijff Arena stiet.

Grutsk

De keunstner is hiel grutsk dat er it byld meitsje mei. "Ik ha al in idee hoe't it der út sjen moat. Mei de wurkgroep en de famylje sille we sjen nei de juste poaze en dan begjin ik. Dit dogge we mei elkoar."

It manshege brûnzen byld moat binnen twa seizoenen ûntbleate wurde.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De keunstner makke koartlyn noch it stânbyld fan Viglius van Aytta yn Ljouwert en is ek bekend fan it byld fan de Alvestêderiders by Earnewâld.

Trefwurden: 
Hans Jouta byld Johan Cruijff
(Advertinsje)
(Advertinsje)