Feanfans nimme ôfskie fan cultheld Henk Veerman

16 des 2018 - 10:36

Hoe faak hawwe de fans fan SC Hearrenfean wol net frege om 'alle ballen op Henkie' te spyljen. Henk Veerman, de hast twa meter lange spits út Volendam spilet al in skoftke net mear op It Hearrenfean, mar hy is yn syn tiid by de Feansters sa'n cultheld wurden dat in offisjeel ôfskie op syn plak wie. Foarôfgeand oan de wedstriid tsjin FC Utrecht wurdt Veerman dêrom snein yn it sintsje set.

Foto: www.orange-pictures.nl

Cultheld

Veerman kaam yn febrewaris 2015 fan FC Volendam nei Hearrenfean. En fuort yn dyselde moanne makke er it earste doelpunt foar de Friezen, yn in 4-0 oerwinning op PEC Zwolle. Veerman moast it yn syn fuotbalkarriêre by Hearrenfean faak dwaan mei koarte ynfalbeurten.

Dat die lykwols neat ôf oan syn status as cultheld. Gauris skoarde er yn de koarte tiid dat er op it fjild stie.

St Pauli

Nei trije jier woe Veerman lykwols mear en ferhuze er nei in moannenlange stream fan geroften nei it Dútske St Pauli út Hamburg. In cultheld dy't ferhuzet nei in echte cultklup. Ek yn Dútslân fielt er him yntusken prima op syn plak.

Ferline wike noch wie er wichtich mei in doelpunt yn de útwedstriid tsjin de eardere klup fan Gert-Jan Verbeek, Bochum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)