Ferskate auto's, wêrûnder in Tesla, reitsje troch glêdens fan de dyk

16 des 2018 - 10:06

Troch de glêdens binne sneintemoarn ferskate auto's fan de dyk rekke. Op de Heak om Ljouwert rekke in Tesla fan de dyk.

Foto: Kappers Media

De auto ried op de N31 doe't er yn de slip rekke en fan de dyk glied. De wein ried troch in tal houten pealtsjes de sutelwei op, ramde dêr in ferkearsboerd en kaam omkeard tsjin in talúd ta stilstân.

De bestjoerder rekke ferwûne en is behannele troch ambulânsepersoniel.

Foto: Kappers Media

Lantearnepeal

Op de Johannes Brandsmaweg, krekt bûten Ljouwert, rekke in auto sneintemoarn troch glêdens fan de dyk. Yn de berm ramde de wein in lantearnepeal dy't er sa'n tweintich meter meisleurde. De auto kaam op in talúd ta stilstân.

De wein rekke swier skansearre. It is net bekend oft der slachtoffers binne. Om't de lantearnepeal foar de auto hingjen bleaun wie en noch skean oerein stie, hat de dyk in skoft ôfsletten west. In berger hat de auto burgen.

De bestjoerder wie nei it ûngelok útnaaid, mar koe letter opspoard wurde.

A7

Op de oprit fan de A7 by Marum rjochting Grins rekke sneintemoarn betiid in auto troch de snie yn de berm. In berger hat de wein derút takele.

Trefwurden: 
ûngelok Tesla snie
(advertinsje)