Naturisten kinne foar it earst yn in swimbad bleatswimme

Foar it earst kinne naturisten yn Fryslân telâne yn in swimbad om neaken te swimmen. Swimfun op De Jouwer is foar dizze gelegenheid spesjaal iepen.
De yngong fan Swimfun. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
It hiele bad is iepen foar minsken dy't graach bleat swimme wolle, inkeld de wyldwetterbaan is ticht. De hoareka is wol iepen.
As der foldwaande belangstelling is, sil it naturisteswimmen struktureel opnommen wurde yn de lange termynplanning fan it swimbad.
Leafhawwers kinne sneintejûn telâne yn Swimfun. It bad is iepen fan 19.00 oant 20.00 oere.