Plysje hâldt ferskate minsken oan yn Ljouwerter útgeanssintrum

16 des 2018 - 08:07

De plysje moast sneontenacht ferskate kearen yn aksje komme yn it Ljouwerter útgeanssintrum.

Foto: Omrop Fryslân

Yn trije gefallen waarden ynwenners fan de gemeente Waadhoeke oanhâlden.

Tsjin ienen waard in 29-jierrige ynwenner fan dy gemeente oanhâlden nei't er de plysje misledige hie. De plysje hie de groep dêr't er by hearde even dêrfoar frege om wat stiller te dwaan om't se oan it razen wienen op de Nieuwestad.

Twa oeren letter waard in 39-jierrige ynwenner út Waadhoeke oanhâlden om't er him fersette by de portiers en plysje nei't er út in kafee yn de Oude Doelesteeg set wie. En in 26-jierrige ynwenner út Waadhoeke wie om healwei fiven sa ferfelend op it Saailân dat er oanhâlden is foar iepenbiere dronkenskip.

Betelje of sitte

Krekt nei fiif oere waard in 25-jierrige Amsterdammer út in hoarekagelegenheid op it Ruiterskwartier set. Hy hie in hoareka-ûntsizzing en der stienen ek noch twa boetes fan mei elkoar 600 euro iepen. Dat koe er betelje of seis dagen sitte. De Amsterdammer keas foar it sitten.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)