Metalband Kjeld wint Bernlefpriis 2018: "In bysûnder eksportprodukt"

15 des 2018 - 22:08

De Fryske blackmetalband Kjeld is de winner fan de Bernlefpriis 2018. Deputearre Sietske Poepjes makke dat sneontejûn bekend by de Fryske Popawards yn popsintrum Neushoorn. De band wie sels net oanwêzich, om't se optrede moasten yn Eindhoven. Se krije in jildbedrach fan 1500 euro en in byldsje.

Sietske Poepjes mei de priis - Foto: Provinsje Fryslân

Kjeld sjongt yn it Frysk en is bekend fan nûmers lykas "De tiid hâldt gjin skoft" en "Ivich libben". Dit jier hawwe se optredens hân op festivals as Roadburn en Netherlands Deathfest. Neffens de sjuery is Kjeld in bysûnder eksportprodukt fan de Fryske taal.

Oare nominearren

De Bernlefpriis wurdt elk jier útrikt troch de provinsje Fryslân. Mei de priis wol de provinsje de Fryske taal yn de popkultuer in stimulâns jaan. Oare nominearren foar de Bernlefpriis 2018 wiene Mosken, Piter Wilkens, The Homesick, Wiebe Kaspers en it projekt Lân fan taal.

Oare prizen

Der waarden by de Fryske Popawards neist de Bernlefpriis noch mear prizen útrikt. Sa wûn Esther de Jong de Talent Award, de Klipkar Award gie nei YVI en festival Psy-Fi wûn de publykspriis.

Joost Klein, better bekend as vlogger Eenhoorn Joost, wûn de Fryske poppriis.

Trefwurden: 
Bernlefpriis kjeld
(Advertinsje)
(Advertinsje)